Gjin ferlet keapsnein Drachten

Yn Drachten is gjin ferlet fan in keapsnein. Dat docht bliken út in telefoanysk ûndersyk. Fierder hawwe 400 ynwenners fan Smellingerlân harren miening op ynternet jûn en is der in skriftlike enkête en ien op strjitte hâlden yn Drachten.
It CDA yn Smellingerlân woe ûndersykje oft der ferlet is fan in keapsnein. In mearderheid fan de ûnderfrege minsken is dêr net foar.