Utlienpunt ferfangt bibliobus

© Omrop Fryslân
De bibliobus ferdwynt út Wymbritseradiel. De gemeente hat besletten de bus takom jier te ferfangen troch útlienpunten by basisskoallen. By in útlienpunt kinne minsken mei in kompjûter tagong krije kinne ta de kolleksje. Wymbritseradiel wol de útlienpunten yn basisskoallen ha om't skoalbern it measte liene.
Ek yn Nijefurd, Gaasterlân-Sleat en Littenseradiel wurdt de bibliobus ferfongen troch útlienpunten.