Plysje ûniens mei krityk

Gerhard van Hoeven fan plysje Fryslân
De plysje yn Ljouwert soe kriminele Antillianen te slap oanpakke. Dat stiet yn in lanlik rapport. Yn fjouwer stêden is sjoen nei hoe't de plysje omgiet mei Marokkaanse en Antilliaanse jeugd. Beide partijen soene elkoar foaral ûntrinne.
De Fryske plysje is it net iens mei dizze krityk. Ljouwert siket in feilichheidskoördinator. Dy sil it kontakt mei de Antilliaanske mienskip ferbetterje moatte.