Reltsjes by aksje Hearrenfean

26 nov 2007 - 14:16

Op It Hearrenfean binne de aksjes fan de learlingen moandei wer út de hân rûn. In pear hûndert skoalbern fan ferskate skoallen kamen by inoar foar it Feanster gemeentehûs. Se goaiden mei aaien en fruit en fernielden it gettenizeren tagongsstek.De plysje hat in tal skoalbern oppakt en bekeurd.

Yn Ljouwert en Bûtenpost giene learlingen ek manmachtich de strjitte op. Freed rûn de protesten yn Harns en Drachten út op reltsjes.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)