Beamstammen oanspield

© Omrop Fryslân
Op de Waadeilannen binne de ôfrûne dagen beamstammen oanspield. It giet om stammen fan sa'n trije meter lang en 20 oant 35 sintimeter dik.
De stammen lizze op Flylân, Skylge en it Amelân. Wêr't se weikomme, is net bekend. Koartlyn gie rekke in lading beamstammen fan in skip by it Dútske Borkum, mar ek boppe Texel binne stammen fan in skip slein. Op it Waad jildt in warskôging foar skippen om rekken te hâlden mei de beamstammen.