Staking Ljouwert stjoerleas

26 nov 2007 - 11:49

De staking fan de learlingen yn Ljouwert op it Saailân wie moandei nei in healoere wer oer. Alteast dat like sa, want tsjin tolven kamen de bern wer nei it Saailân ta. Se hiene nei de McDonalds west.

It like derop dat it de measte learlingen foaral gie om de wille en it frij wêzen. De groep wie stjoerleas. De plysje hâlde de groep yn de gaten. Earder hat de plysje de bern út de parkeargaraazje stjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)