Spandoek minister ferknipt

26 nov 2007 - 09:47

It aksjekomitee 'Hier trekken wij de lijn' sil it grutte spandoek foar de Suderseeline yn stikken knippe en symboalysk te keap sette op ynternet. Dat seit kampanjelieder Haerkens. Op it doek stiet in foto fan de minister fan ferkear. It hong yn Grins.

It ferknippen fan it doek heart by de protesten tsjin it beslut fan de minister. Dy wol de rappe ferbining net oanlizze. De Twadde Keamer praat tiisdei oer de Suderseeline.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)