Ingmar Berga wint 6e maraton

Jorrit Bergsma en Bob de Vries (foto: Martin de Jong)
Ingmar Berga fan Hoogeveen hat snein de sechsde wedstriid om de Essent Cup wûn. Yn Amsterdam helle Berga krekt foar de einstreek Jorrit Bergsma fan Aldeboarn yn. It ferskil op 'e streek wie amper te sjen. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard tredde. In dei earder helle Jorrit Bergsma syn earste maratonoerwinning yn Alkmaar.
Bob de Vries fan De Haule bliuwt lieder fan it klassemint. De Frânsman Cédric Michaud stiet op it twadde plak.