Fernieling yn Ljouwert

25 nov 2007 - 13:54

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn de Nieuwesteeg yn Ljouwert in ynwenner (46) assistearre by de oanhâlding fan twa ynwenners fan Ljouwert fan 18 en 21 jier.

It duo hie in reklameboerd fan in hoarekagelegenheid fernield, wêrnei't de 46-jierrige de twa fernielers oanhold. De plysjes namen de twa fertochten oer en brochten har nei it plysjeburo. Dêr binne se ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)