Iensidich ûngelok op De Jouwer

25 nov 2007 - 13:49

In automobilist (19) út Wikel is sneontejûn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op De Stelle op De Jouwer. De bestjoerder wie troch noch ûnbekende oarsaak mei syn auto tsjin in beam riden.

Hy rûn dêrby in ferwûning oan it gesicht op. It slachtoffer waard mei de ambulânse oerbrocht nei it plysjeburo foar in azemanalyze. Hy blies 710 ug/l, goed foar in rydferbod fan tsien oeren en in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)