Hoogeveen wint Slachterin

© Omrop Fryslân
Mar leafst 238 startnûmers waarden útjûn foar de Slachterin sneon yn Wommels. Op de heale maraton gong de winst nei Eelco_Hoogeveen fan Blije, mei in tiid fan 1.20,27. Saco_Hemstra fan Weidum hie 36 sekonden achterstân en master Jan_Boonstra fan Snits waard tred yn 1.22,21.
Rapste frou wie Judith_van_der_Meer fan Dronryp yn 1.41,51. De rin oer 10,3 kilometer levere seges op foar Ynze_Stienstra en Hella Yntema.