Feiling foar Aldehou

it guod dat feild wurdt foar de Aldehou koe earst besjoen wurde
De Aldehou yn Ljouwert moat opknapt wurde. Dêrom is der snein in feiling fan keunst, antyk en kuriosa. Earst kin it guod besjoen wurde.
In ferskaat oan keunsters lykas Jentsje Popma, Abe Gerlsma en Jerre Hakse ha wurk ynbrocht. Doel is om mei de opbringst it ûnderste part fan de Aldehou op 'e nij yn te rjochtsjen. Ek komt der in glêzen lift. De renovaasje kostet fjouwer euroton.