Opfang bern op pleats

Der is hieltyd mear belangstelling foar berne-opfang op boerebedriuwen. Yn Nederlân binne 20 opfangplakken en wachtlisten. De LTO wol dat der mear mooglikheden komme foar agraryske berne-opfang, ek yn Fryslan.
Sneon wie der in foarljochtingsdei yn Aldehoarne mei workshops. Yn Aldehoarne sit sûnt twa jier it Hummelhûs, in agraryske berne-opfang. Dêr binne 44 bern en der is ek in wachtlist.