Oppakt foar fjochtsje en mige

© Omrop Fryslân
Twa Ljouwerters (16 en 18) binne freedtenacht oppakt. Se hiene tsjin in plysje-auto oanmiigd. Dat waard registreard troch in bewakingskamera yn de binnenstêd. De plysje koe de fertochten gau oppakke. Se sitte fêst.
De plysje hat freedtenacht yn Ljouwert fiif manlju oanhâlden foar fjochterij. Surveillearjende plysjes seagen in fjochtpartij tusken meardere minsken. Fjouwer Ljouwerters en ien út Burdaard binne oppakt en sitte noch fêst.