Mishanneling op it Fean

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed op it Hearrenfean minsken oanhâlden foar mishanneling. In Burgumer (20) en in Drachtster (31)sloegen tsjin de spegels fan in parkearde bestelbus. Doe't de sjauffeur dêr wat fan sei, krige hy klappen en waard er bedrige.
It slachtoffer koe de plysje warskôgje. Dy hat beide manlju oppakt. Dêr gong noch in flinke wrakseling oan foarôf. Nei ferhoar en prosesferbaal mochten de twa wer nei hûs.