Offal bedriuwen net yn Kollum

24 nov 2007 - 13:07

It ôffalstasjon yn Kollum wurdt yn maart 2008 sletten foar bedriuwen. De gemeente moat melde wannear't bedriuwen mear as 50 kilo bringe. Mar om't der gjin weachbrêge yn Kollum is, kin dat net.

It is te djoer om sa'n weachbrêge te keapjen neffens de gemeente. Der is ek gjin wetlike plicht om bedriuwsôffal yn te sammeljen. Ek kinne bedriuwen har ôffal wol earne oars kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)