BFVW wol better imago

23 nov 2007 - 21:32

It Bûn fan Fryske Fûgelbeskermings Wachten wol syn imago ferbetterje, want dat is nedich nei jierren fan juridyske striid oer it aaisykjen. De kwestje kaam juster oan 'e oarder by de fiering fan it 60-jierrich bestean fan it bûn yn Earnewâld.

Dêr presentearre it BFVW har as in club dy 't net allinnich noed hat oer greidefûgels, mar folle mear docht foar folle mear soarten fûgels. En der net allinnich is foar aaisikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)