VVD: gjin fertrouwen yn Potjer

23 nov 2007 - 15:16

It bestjoer fan de VVD yn Smellingerlân hat it fertrouwen yn fraksjefoarsitter Potjer opsein. Wat dêr de reden foar is wol it bestjoer net sizze. Kommende woansdei wurdt earst in ledegearkomste hâlden.

Neffens Potjer leit de oarsaak by de gong fan saken by de foarige gemeenteriedsferkiezings. Doe stie Jan Groen op it earste plak, mar is Potjer mei mearderheid fan stimmen yn de rie keazen. Potjer hat in advokaat naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)