Saak oer fergunning UMTS-mêst

Dizze mêst feroarsaket mooglik kanker
Mantgumers hawwe freed by de rjochter de fergunning oanfochten foar in UMTS-mêst yn har doarp. De gemeente Littensardiel hat dy fergunning koartlyn ferliend. Neffens 155 gesinnen hie dat net moatten, omdat de mêst mooglik kanker feroarsaket.
De gemeente seit de fergunning net wegerje te kinnen omdat der bewiis is dat UMTS gjin sûnensrisiko jout. Neffens de advokaat fan de gesinnen is dat bewiis net sterk genôch.