Motorrider falt troch hûn
In motorrider (57) út Haulerwyk is tongersdei yn Haule fallen troch in hûn. De motorrider koe it bist net mear ûntwike doe't dat ynienen de Doarpsstrjitte oer stuts.
De motorrider bruts troch de fal nei alle gedachten in bekken. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. De hûn is nei de oanriding útnaaid.