KNVB wol De Westerein straffe

23 nov 2007 - 10:26

De KNVB hat de fuotbalferienings De Westerein en Velocitas yn steat fan beskuldiging steld fanwege de fjochtpartij nei de wedstryd tusken beide ploegen ôfrûne snein. Ek in tal yndividuen wurdt oanklage.

Tsientallen supporters en spilers fan beide ferienings gongen snein, nei in oertreding fan in Westereinspiler, meielkoar op 'e fûst. De skiedsrjochter hie doe al ôffluite. Der is ek oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)