Ljouwert: drugsdealer oppakt

23 nov 2007 - 10:13

De plysje hat tongersdei yn Ljouwert in drugsdealer (21) oppakt. De man waard betrape troch in plysje doe't er drugs ferkocht oan in frou. Doe't de plysje de man oanhâlde woe besocht de man in boltsje troch te slokken. De plysje koe dat foarkomme troch de man by de kiel te pakken.

De man naaide nei de aksje fan de plysje út, mar koe letter toch oanhâlden wurde. Hy hie boltsjes kokaïne en boltsjes heroïne by him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)