Wynprizen leger troch oare wyn

23 nov 2007 - 06:45

Troch mear wyn út Súd-Afrika te heljen wol wynhannel Baarsma fan De Gordyk de prizen fan wyn yn Nederlân yn de stringen hâlde. Yn Súd-Afrika is troch in goeie rispinge folop wyn te krijen. De priis leit dêrtroch leger.

Meikoarten giet de aksyns op wyn mei 16 prosint omheech. Earder al waard it glês foar de flessen djoerder. De ferwachting is dat in fles wyn dêrtroch 30 sint djoerder wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)