Brêge-protest hat sukses

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen jout noch gjin jild foar in paralleldyk foar fytsers en lânbouferkear oer de brêge by Blauforlaet. Dat hat de ried tongersdei besletten nei fûl protest fan omwenners. Dy binne tsjin de paralleldyk omdat dy it probleem fan de ûnfeilige brêge net oplost. Sij wolle in aparte fytsbrêge.
Omdat de brêge fan de provinsje is, moat dy no de knoop trochhakke. Dat gebeurt yn desimber.