"Doch wat mei je lulkens!"

© Omrop Fryslân
Noarderlingen moatte har lulkens oer it skrassen fan it Suderseespoar omsette yn dieden. Dat wol it aksjekomitee "Hier trekken we de lijn", dat him ynset foar de oanlis fan de rappe ferbining tusken it Noarden en de Rânestêd.
Minsken kinne bygelyks protestbrieven skriuwe of it lidmaatskip fan har politike partij opsizze. No tiisdei is der yn de Twadde Keamer in harksit oer de Suderseeline.