Undersyk nei fytsûngelokken

22 nov 2007 - 17:23

Der komt in ûndersyk nei it tanimmende tal iensidige ûngelokken mei fytsen. De Stichting Wittenskiplik Undersyk Ferkearsfeiligens fiert it út. De sikehuzen melde melde dat der hieltyd mear ferwûne fytsers ynbrocht wurde. De measte ûngemakken wurde net registrearre omdat der gjin plysje by is. It is net dúdlik oft it komt troch ferkeard pleatste pealtsjes of dat minsken gewoan net goed fytse kinne of bygelyks dronken binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)