Jild foar mielen dakleazen

© Omrop Fryslân
De Schuilplaats yn Snits krijt 4000 euro fan de Soroptimistenclub Fryslân-Súdwesthoeke. It jild wurdt brûkt foar waarm iten foar dakleazen.
De leden hawwe ferskate aksjes hâlden om it jild by-inoar te krijen. Sa hawwe se ôfrûne simmer syllessen jûn op 'e Fryske marren. It jild wurdt 6 desimber oerlange oan stifting De Schuilplaats. De Soroptimistenclub is in wrâldwide belangeorganisaasje fan en foar froulju.