Dijkhuizen oanfierder Cambuur

22 nov 2007 - 13:45

Marinus Dijkhuizen is de nije oanfierder fan SC Cambuur. Hy is dêrmei de opfolger fan Koen Brack. Dy woe gjin oanfierder mear wêze, om't hy it net iens wie mei Jurrie Koolhof. De trainer sette him ferline wike tsjin Haarlem op 'e bank.

No't Rick Hooijboer werom set is nei it twadde alvetal, sil Dijkhuizen tsjin Emmen de oanfierdersbân drage. Yn it ferline wie de oanfaller ek alris oanfierder by Top Oss.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)