Webside Ljouwert op 15e plak

De webside fan de gemeente Ljouwert
De webside fan 'e gemeente Ljouwert stiet op it fyftjinde plak yn 'e lanlike ranglist overheid.nl. De site stie ferline jier noch op plak 83. De hegere notearring komt troch de ekstra webtsjinsten yn it digitale loket. Ynwenners fan de gemeente Ljouwert kinne dêrtroch makliker produkten en tsjinsten oanfreegje.
Ljouwert stiet it heechste fan alle Fryske gemeenten. De gemeente wol noch mear webtsjinsten op 'e site sette.