N381 net troch Donkerbroek

22 nov 2007 - 10:48

De dyk Drachten-Appelskea komt westlik by Donkerbroek del. De provinsje wykt dêrmei ôf fan eardere plannen. Dêryn stie dat de nije dyk dwers troch Donkerbroek rinne soe. Ut ûndersyk docht bliken dat de westlike rûte better is foar it miljeu.

De N381 wurdt in inkelbaansdyk dêr't net hurde as 100 kilometer yn 'e oere riden wurde mei. Der wurdt noch ûndersocht oft der ynhelstroken komme. De nije dyk moat yn 2014 klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)