Drugsoanhâldings NE-Fryslân

22 nov 2007 - 10:01

De plysje hat yn it noardeasten fan Fryslân sân minsken oanhâlden omdat se fertocht wurde fan drugsbesit of it hanneljen yn drugs. De plysje kaam de sân op it spoar nei oanlieding fan in ynfal yn in hûs yn Twizelerheide. Dêrby waard ûnder oare kokaïne fûn.

By de sân sitte ûnder oare de 18-jierrige bewenner fan it hûs en in 23-jierrige ynwenner fan de Westerein. Dy lêste wurdt as haadfertochte sjoen. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)