Ynfo oer winkeldieverij

De ynformaasjejûn oer winkeldieverij waard drok besocht
Wat meie jo dwaan as winkelier as jo oerfallen wurde? Om antwurd te jaan op dy fraach organisearre de plysje yn gearwurking mei de ûndernimmers fan It Hearrenfean in ynformaasjejûn,dêr't sa'n 180 minsken op ôf kamen.
De winkeliers krigen te hearren wat se wol en wat se net dwaan meie. Sa meie se in dief wol fêsthâlde oant de plysje komt, mar se meie dêrby gjin geweld brûke.