Bussemaker op besite yn Snits

21 nov 2007 - 20:20

Steatssiktaris Bussemaker wie woansdeitemiddei op wurkbesite yn Snits. Sy woe wolris mei eigen eagen sjen hoe't der yn de praktyk hannen en fuotten jûn wurdt oan de útfiering fan de Wet Maatschappelijke Ondersteuning.

Yn Bonifatiushuis joegen belutsenen in twatal presintaasjes oer hoe't Drylts en de Snitser wyk 'Het eiland' besykje de leefberens te ferbetterjen. De steatssiktaris hat tasein de ideeën mei te nimmen yn har wurk yn Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)