Utfiering Fryske fiersichten

21 nov 2007 - 13:50

De útfiering fan de earste Fryske Fiersichten giet los. De steaten ha grien ljocht jûn foar 19 fan de 750 ideeën dy't boargers yntsjinne ha foar foar de takomst fan Fryslân. Opfallend is it grutte oanpart kultuer-ideeën mei as útsjitter in Simmer 2000-eftich evenemint yn it jier 2018.

Oare projekten binne in TomTom foar op it wetter, in Fryske canon, in poësijfestival en in moetingsplak foar Wrâldfriezen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)