Knegt en Breeuwsma op Thialf

Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma yn trening op Thialf (foto Martin de Jong)
De Friezen Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma dogge it kommende wykein mei oan de wrâldbekerwedstriden shorttrack op it keunstiis fan Thialf. De konkurrinsje sil grut wêze, omdat de hiele wrâldtop oanwêzich is.
Foar de 18-jierrige Knegt fan Bantegea en de hast 20-jierrige Breeuwsma fan Aldeboarn is it benammen saak om te learen. Dat seit assistint-bûnscoach Dave Versteeg.