Man oanhâlden om drugshannel

© Omrop Fryslân
In man (61) út Easterwâlde is tiisdei yn syn wenhûs oanhâlden troch de plysje op fertinking fan hannel yn softdrugs. De ôfrûne wiken wiene by de plysje in soad klachten binne kaam oer de hannel fan drugs fanút de wenning.
By in ynfal yn de wenning waarden 27 joints, 20 lytse pûdsjes mei wiet en in pûde mei droege wytblêden oantroffen. De drugs is yn beslach nommen. De bewenner is oanhâlden en sit fêst op it plysjeburo.