Jiddysk festival yn Ljouwert

21 nov 2007 - 10:22

Tresoar organisearret april takom jier in Jiddysk festival yn Ljouwert. De oanlieding is in erfenis fan 3.000 boeken yn it Hebrieusk. Tresoar krige dy boeken út it neilittenskip fan professor Leo Fuks as tank foar syn ûnderdûkerstiid yn Fryslân.

It festival is fan 15 oant 20 april en bestiet út lêzings, films, útstallings en muzyk. Mei it festival wol Tresoar oandacht freegje foar de grutte Jiddyske en Hebrieuske kolleksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)