Himpkwekerij yn Hegebeintum

© Omrop Fryslân
Yn in bedriuwsgebou yn Hegebeintum is in hennepkwekerij ûntdutsen. Nei in plysje-ûndersyk waard besletten om in ynfal yn it pand te dwaan. Op de boppeferdjipping fûnen de plysjes 367 marihûanaplanten. De apparatuer en de planten binne yn beslach naam en wurde ferneatige.
De 33-jierrige Hegebeintumer dy't yn it pân oanwêzich wie is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke