'Skier ieuwen langer bewenne'

Midsieuske kaart fan Skiermûntseach en omjouwing
It eilân Skiermûntseach is nei alle gedachten al twa ieuwen langer bewenne as oant no ta tocht waard. Dat die tiisdei bliken op in juttersjûn dy't organisearre wie troch de stichting Verdronken Geschiedenis.
Op de jûn wiene eilânbewenners noege om harren fynsten fan it eilân mei te bringen om sa de geheimen fan it eilân fêst te lizzen en te bewarjen. It die bliken dat guon fan dy fynsten út iere midsieuwen komme.