Frachtauto's botse op N381

Op de N381 by Easterwâlde wie woansdeitemoarn betiid in oanriding tusken twa frachtweinen. In Dútse sjaufeur bedarre op de linker rydbaan, de oare frachtauto koe him net mear ûntwike. De frachtwein mei de Dútser, dy't laden wie mei betonstiel, bedarre yn in greppel.
De oare frachtwein stiet noch op de dyk. De Dútse sjauffeur is nei ferwûnings oan each en skouder nei it sikehûs fan Drachten brocht.