Puber slachtoffer ynternetseks

© Omrop Fryslân
Foaral famkes yn de puberleeftiid binne faak it slachtoffer fan ynternetseks. Dat seit Fier Fryslân. Dat jout treningen oan famkes dy't har fia ynternet ferliede litten ha ta seksuele hannelingen. Soks komt hieltiten faker foar.
Fier Fryslân leart famkes dy't soks meimakke ha better foar harsels op te kommen. Tachtich persint fan de bern dy't dêr terjochte komme soe ûnderfining ha mei ynternetseks.