Grien ljocht helpt fûgels

20 nov 2007 - 21:59

In part fan de feardaam op it Amelân is op it stuit grien ferljochte. Dy maatregel is in gefolch fan in ûndersyk fan de Nederlandse Aardolie Maatschappij, de NAM. Dy hat boarplatfoarms ek alris yn it griene ljocht set en hat sa útfûn dat dat folle minder fûgels oanlûkt as gewoane ferljochting. De fûgels wurde sa minder steurd.

De NAM tinkt deroer om de ferljochting op al syn boarplatfoarms oan te passen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)