Wetterskip hat bêste webside
Wetterskip Fryslân hat de bêste webside fan alle wetterskippen yn Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it ministearje fan Binnenlânske Saken. Dêrby binne ek de sites fan provinsjes, gemeenten en ministearjes besjoen.
Wetterskip Fryslân stie ferline jier noch op it 21ste plak. Dat it no folle better skoart komt omdat der in soad nije foarsjenningen beskikber binne op de webside.