Skoalbern helpe by monumint

© Omrop Fryslân
Warkum krijt in hiel bysûnder nij fersetsmonumint, dêr't skoalbern by belutsen wurde. De learlingen út de heechste klassen helpe de keunstner dy't de opdracht krijgen hat om it monumint te meitsjen.
Fan desimber ôf gean de bern oan de slach. Per skoalle mei hieltiten twa bern twa oeren oan it monumint wurkje. Doel is om se wat by te bringen oer de oarloch en ek oer it byldhou-fak.