Krityk op ferljochtingsproef

20 nov 2007 - 17:58

De proef mei de ferljochting yn it bûtengebiet fan 'e gemeente It Hearrenfean ferrint net alhiel posityf. In moanne ferlyn liet de gemeente 130 strjitlampen fuorthelje en der oaren foar yn it plak sette dy't minder ljocht jouwe. Dêrfan binne no 25 fernield. Guon minsken binne benauder wurden no't it tsjusterder is op strjitte.

De gemeente tinkt der net oan om de proef stil te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)