Priis foar skoalle Boazum

20 nov 2007 - 16:58

De anty-diskriminaasjeposter fan skoalle It Dûbelspan yn Boazum is yn Den Haag keazen ta de moaiste fan Nederlân. De poster wie ien fan 'e fjouwer dy't kâns makke op 'e priis. Ek learlingen fan skoallemienskip Bogerman út Snits hearden by dy fjouwer. Sy einigen op it twadde plak.

De poster fan Boazum docht no mei oan de Europeeske ferzjy fan 'e wedstryd. As er by de bêste trije komt, meie de learlingen trije dagen nei Brussel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)