Vandenbussche yn basis België

20 nov 2007 - 16:57

Brian Vandenbussche begjint woansdei yn 'e basis by de ynterlân tusken België en Azerbeidzjan. It is de earste kear dat de keeper fan SC Hearrenfean yn in wedstryd fan syn lân starte mei. Vandenbussche spile twa kear earder foar de Belgyske nasjonale ploech, mar beide kearen as ynfaller.

De Hearrenfeankeeper neamt de kar fan de bûnscoach foar him 'in beleaning'. It is syn dream om de nûmer ien fan België te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)