Halt-fjoerwurksjoernaal

20 nov 2007 - 16:35

It Haltburo komt mei in spesjaal sjoernaal om bern te learen better mei fjoerwurk om te gean. It wie tiisdei te sjen op basisskoalle De Ljepper op It Hearrenfean. De bern hawwe ek meiwurke oan it sjoernaal.

Boargemaster Peter de Jonge fan It Hearrenfean wie derby om mei de bern mei te sjen nei de it fjoerwurksjoernaal. It Haltburo jout jongeren taakstraffen as se ferkeard mei fjoerwurk omgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)