Nije fûgel: grutte wite reager

20 nov 2007 - 11:51

Fryslân hat der in bysûndere nije briedfûgel by; de grutte wite reager. Dat ferwachtet Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek. It giet om in súdlike soarte dy't hieltiten mear foarkomt yn hiel Nederlân.

It kommende wykein set wer in grutte fûgeltelling útein. De kâns is grut dat der dan ek in soad wite reagers teld wurde. De lêste twa moannen binne rekôrtallen wite reagers sjoen, al seker mear as 200.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)