It Amelân hat in eigen krante

20 nov 2007 - 11:34

Tsientallen Amelanners hawwe har al opjûn as abonnee fan De Krant van Ameland. Dy krante ferskynde freed foar it earst hûs oan hûs. De krante ferskynt no earst ien kear yn 'e twa wike, mar it is it doel om der in wykblêd fan te meitsjen.

It Amelân wie it lêste Waadeilân sûnder eigen krante. Op ynternet bestie de Krant van Ameland al wol, mar neffens redakteur Jeanet de Jong wie der ferlet fan in papieren ferzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)